Gjin sukses foar Ilse en Afke op Frouljus PC
Mar in goed lot bestiet fansels allinnich nei ôfrin. Nei’t in partij dien is, kin jo analysearje oant jo in ûns weagje, mar op de dei sels moatte jo it op fjild sjen litte. Ilse en har maten wienen goed motivearre mar hienen har sels mooglik wat te folle opladen. Hoe dan ek, it gie sawol oan de opslach as yn it perk net goed. Dat wie spitich want in pear dagen earder yn Akkrum hienen se sjen litten dat se in haadklasse nivo helje kinne. Doe hienen se it Afke en har maten flink lêstich makke yn in lykweardige partij. It ferlies op de PC by in debút wie te dragen mar de wize wêrop wat minder. Se hienen fansels oan it massaal oanwêzige publyk sjen litte wollen, wat se yn harren mars hawwe. Dat slagge spitigernôch net. No ja, Ilse en har maten bliuwe folgjend jier by elkoar en kinne as partoer allinnich mar groeie en better wurde. Folgjend jier gjin plankekoarts en dan gewoan sjen litte wat je kinne. Afke en har maten koenen it ek al net meitsje. Se ferlearen fan it partoer fan Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Boukje Aalbers. Se kamen noch wol maklik op in earst foarsprong mar dêrnei setten se net troch en kamen einliks nea goed yn de wedstriid. It perk rekke net goed op slach en de opslach wie net brekkend genôch. Fansels wie dat ek in fertsjinste fan de tsjinpartij dy’t doe goed stie te keatsen. It wie foaral spitich foar Afke har maat Ingrid de Haan. Om’t sy mei har freon emigrearet nei Australie, wie it har lêste PC en se hie noch graach ien kear in finale keatse wollen. It siet der spitigernôch net yn. It is fansels ek net elke kear BINGO en in goed lot moat je natuerlik sels fertsjinje troch goed te spyljen. Foar Ilse smakket it debút nei mear en Afke moat folgjend jier mar sjen litte hoe’t it ien de nije formaasje mei Leonie en Fenna Zeinstra giet.
Geplaatst op 20 August 2009